Bynt fan 13 maaie 2015 17:20

Trouwe yn it Cambuurstadion
It moat de moaiste dei fan harren libben wurde. Takom freed 15-05-2015 jouwe Marcel Spoelstra en Alie de Jong inoar it jawurd. Net allinnich de datum is spesjaal. Marcel en Alie binne echte Cambuurfans en sille as earsten trouwe op de middenstip fan it Cambuurstadion.

Tekoart oan fitamine D
Wa wol der net sûn libje? Der kin in soad en op telefyzje en yn de blêden giet it der hast alle dagen wol oer. Mar fan al dat sûne iten komme ek wer nije problemen. Ien fan die problemen is in tekoart oan fitamine D. En de gefolgen dêrfan kinne ferfelend wêze.

Werom sjen mei in Facebooktopper
Op Himelfeartsdei sjogge wy yn in spesjale útstjoering werom op de aardichste en bêst besjoene filmkes fan twa seizoenen Bynt. Sa teste Hinne in jier ferlyn foar ús wat apps op syn tablet, bygelyks de app fol kuierrûtes.

De Mariaprosesje yn Boalsert
Yn Boalsert bart snein wat bysûnders. Foar it earst yn 400 jier wurdt der in Mariaprosesje hâlden. It byld fan Maria van Sevenwouden, dat gewoanwei yn de Franciscustsjerke stiet, wurdt dan yn in religieuze optocht troch de stêd droegen.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)