Bynt fan 13 maaie 2014 18:30

Reders wolle aksje

Keapfardijskepen dy’t troch de Golf fan Aden farre binne fûgelfrij. Se wurde bestookt troch piraten en binne ôfhinklik fan de marine, dy’t faak te fier fuort sit, of djoere befeiligingsbedriuwen dy’t net yn alle gefallen harren wapens brûke meie. De reders wolle no dat de polityk aksje ûndernimt en biede in petysje oan oan de Twadde Keamer. By ús yn de studio sitte direkteur Arjen Mintjes fan de Seefeartskoalle en de direkteur fan rederij JR Shipping. Sy farre sels yn de Golf fan Aden.

Teater op ‘e dyk

Dizze wike sjocht Bynt by de tariedings fan strjitopera De IIsfoarstin, dy’t tongersdei yn premjêre giet. Oan de IIsfoarstin dogge ek sa'n 80 sjongers mei. Se foarmje it koar, mar binne ek it orkest. Krijn van Alten is ien fan har. Hy studearret Skiednis yn Grins en mei graach sjonge. Meidwaan oan de IIsfoarstin is foar him in geweldige opstekker.

Eigen kemping

27, 24 en 22 binne se, de nije eigners fan de grutste kemping van Fryslân: De Kuilart yn Koudum. Sûnt 1 maaie hawwe Annelie, Wouter en Huub Bleckman it stokje oernaam fan de âld-eigners. It is gjin unbekend terrein want sels binne se hikke en tein op de lytsere kemping It Wiid. Dochs is it in grutte stap dêr’t in soad lef foar nedich is. Hoe sille se it ûndernimmerskip oppakke? We prate der oer mei Annelie, Wouter en ús saakkundige Schelte Meinsma.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)