Bynt fan 13 juny 2016 17:20

De keninginne fan de Fryske polityk
Lutz Jacobi stapt nei tsien jier út de Twadde Keamer. De 60-jierrige Jacobi wol noch ien kear yn har karriêre in nije stap meitsje en dêrom lit se it Haagse Binnenhof foar wat it is. Wat dy folgjende stap is? Dat fertelt se jûn yn Bynt.

Reitse goes ynternasjonaal
Sykje nei in stikje bûtenlân yn Fryslân. Reitse Spanninga giet by bûtenlânske (hobby)koks yn Fryslân del en makket in gerjocht út dat lân. Dizze kear is er yn de keuken fan Argentinië.

Klik hjir foar it resept

Oerol
Bynt is de hiele wike op it grutste lokaasjeteaterfestival fan Europa: Oerol. Ferslachjouwers Miranda Werkman en Albert Jensma sykje foar ús de moaiste ferhalen. Hjoed: Nynke Laverman mei de foarstelling ‘Wachter’ en twa jonge Belgyske strjitartysten.

Strjitartysten Ruben Mardulier en Camille Paycha

Nynke Laverman yn 'Wachter'

Reitse giet ynternasjonaal

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)