Bynt fan 13 jannewaris 2016 17:20

Frouljusskûtsje op de IFKS
In feministyske golf op it wetter: in skûtsje mei allinnich mar froulju. Dit is it idee fan skûtsjesilers Alisa Stekelenburg en Loekie Heinzberger. IFKS skipper Jitske Visser fertelt by ús oan tafel oer de rol fan froulju yn it skûtsjesilen. Kinne froulju like goed sile as manlju?

22Q11 syndroom: ûnbekend en ûnbegrepen
Ien op de 2000 bern dy’t berne wurde yn Nederlân ha it 22Q11 syndroom. Mar der binne net in soad minsken dy’t witte wat dizze oandwaning ynhâldt. Wibrich Angenent hat it 22Q11 syndroom en wol mei in dokumintêre mear bekendheid kreëarje. Yn Bynt fertelt se oer har syndroom, hokker effekt it hat op harren libben en wat it belang fan de dokumintêre is.

Assistint fan it Talint
Yn febrewaris wurde Fryske topsporters yn it sintsje setten op it Frysk sportgala. Dit jier is der foar it earst in nije kategory, de ‘assistint fan it talint’. Dat binne minsken dy't efter de skermen derfoar soargje dat sporttalint him ûntwikkelje kin. Hjoed in portret fan de wrâldkampioen judo: Sanne Vermeer.

Dwerse bisten fan bistetún Emmen
Wylde noashoarns, dwerse oaljefanten en eksplosive bavianen: de bistetún yn Emmen binne harren bisten oan it ferpleatsen. Wybren Landman is de wurdfierder fan it nije Wildlands yn Emmen en fertelt oer it wurk dat sy hawwe om dizze bisten te ferpleatsen.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)