Bynt fan 13 febrewaris 2015 17:20

Bynt Sport Derbykafee
In spesjale útstjoering, folslein yn it ramt fan de Fryske twastriid SC Cambuur-SC Hearrenfean. Mei Cambuurtrainer Henk de Jong, kommentator Evert ten Napel, fuotballer Geert-Arend Roorda en fuotbaltrainer Jan de Jonge sjogge wy foarút op de wedstriid fan kommende snein.

Wat ferwachtsje de manlju? Litte de Feansters harren yntimidearje yn Ljouwert? Of sette se de goede foarm troch en rinne se oer de Ljouwerters hinne? Ek fansels wer Arjen's sportkwis, moaie filmkes, derbygebak, de fuotballers fan DTD yn it publyk en spesjaal foar dizze kear ek Roelof's sportkwis!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)