Bynt fan 13 desimber 2013 18:30

Bliidskip en begrutsjen rinne hjoed meimekoar op yn Boarnsterhim. Jûn wurdt mei it slotfeest "Boarnsterhim bedankt" op feestlike wize stil stien by it feit dat de gemeente ein dit jier ferdwynt. Ferslachjouwer Henk te Biesebeek seach noch ien kear werom mei âld-bestjoerders en de allerlêste boargemaster, Ton Baas. Want wêr gie it eins mis?

Wy ha de Fryske top 100 mei muzyk dy't ús rekket, mar der binne sa'n 56.000 minsken yn Fryslân dy't earne oars wei komme. Likas Alex út Armenië. Hy mist syn lân ôfgryslik. Eltse kear as er de muzyk fan de 'doedoek', in typysk Armeenske fluit, heart, hat er fertriet.

Fan 'e middei om fiif oere begûn de jierlikse alvestêdefergadering yn de Harmonie yn Ljouwert. Dan sit de seal wer fol mei allegear grize koppen. Want de gemiddelde leeftiid fan in alvestêderider wurdt hieltyd heger. En dat wylst der in hiele generaasje stiet te popeljen om de tocht te riden, mar sy meie net. As de tocht dit jier trochgiet, dan is mar 15 persint jonger as 40 jier. We prate hjir oer mei Age Veldboom, fêste gast en sels yn it besit fan trije krúskes.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)