Bynt fan 13 april 2016 17:20

It moat oars yn de soarch
De ‘sjoemelpraktiken’ fan twa direkteuren ha soarchgroep Alliade yn ferlegenens brocht. Der soe sprake wêze fan belangeferfrisseling. Yn de media wurdt der no mei beskuldigjende fingers wiisd. Mar komme dit soart konstruksjes net folle faker foar yn de soarchsektor? Is dit miskien ien fan de gefolgen fan de grutte reorganisaasjes yn de soarch? We prate deroer mei André Oosterhof, haad fan de oplieding Verpleegkundige oan de NHL yn Ljouwert, en in man fan de wurkflier. Hy hopet dat de kommoasje by Alliade de eagen iepenet by soarchbestjoerders, media en polityk.

Kursus hardrocke foar dummys
Ferslachjouwer Afke Boven is live by in metal-workshop yn Neushoorn. En nee, dan giet it net oer it ambacht fan metaalbewurkjen, mar oer keihurd ramme op gitaren en sa hurd sjonge dat je der heas fan wurde.

Skilderje as Jopie
De hiele wike komme de bewenners fan fersoargingstehûs 't Menniste Skil yn Boalsert yn 'e kunde mei it wurk fan Jopie Huisman. Hjoed pakke se sels de kwast.

Weight Watchers foar hûnen
In soad hûne-eigeners meie harren húsbist graach bedjerre. Faak sels in bytsje tefolle. Mar leafst de helte fan de hûnen yn Nederlân is te swier. Dêrom start bistedokter Annelies Nieuwenkamp dit wykein mei de allerearste kursus ‘Weight Watchers' foar hûnen.

Rige

Jopie Huisman yn tehûs It Menniste Skil

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)