Bynt fan 12 septimber 2014 17:20

Bynt Sport
Fan hjoed ôf binne wy der alle freden mei in spesjale útstjoering fan Bynt, te witten Bynt Sport. Mei in soad omtinken foar betelle fuotbal, mar ek foar alle oare sporten. Dizze kear skowe fuotbaltrainer Gertjan Verbeek, sjoernalist Henk Kok en haadtrainer fan SC Cambuur Henk de Jong oan by Arjen de Boer oan tafel.

Cambuur – Grins
Mei Henk en Henk sjogge wy foarút op it duel tusken SC Cambuur en FC Grins fan it kommende wykein. Watfoar wedstriid ferwachtsje beide manlju? Foar Martijn van der Laan, dy't fan 't simmer troch Grins kocht waard fan Cambuur, wurdt it in spesjale dei. Wy sochten him op om te sjen hoe bysûnder oft de noardlike derby no krekt foar him is.

Myn Klup: V.V. Trinitas
Alle freden gean wy yn Bynt Sport ek del by in Fryske sportklup. Dêr gean wy op syk nei it klupgefoel en nei de bining dy't minsken mei de klup hawwe. Fan 'e wike binne wy by V.V. Trinitas yn Boyl. Sy fuotballen thús tsjin Beilen en Bynt seach mei.

De spitsen fan Hearrenfean
Ofrûne simmer kocht SC Hearrenfean de 30-jierrige spits Thomas Dalgaard. Al gau waard sein dat er net alhiel fit wêze soe. En krekt op it momint dat er deroan komt, is syn konkurrint Mark Uth flink yn foarm mei trije goals yn de lêste wedstriid. Wa is neffens Gertjan Verbeek de earste spits fan Hearrenfean?

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)