Bynt fan 12 oktober 2015 17:20

Reitse op Skier
It is in goeie tiid om garnalen te kruien. En dêrom hat Reitse Spanninga foar ús nei Skiermûntseach west, om dêr de lekkerste garnalen boppe wetter te heljen.

De koffer fan Mata Hari
Hjoed kaam ynienen in koffer fan Fryslâns meast ferneamde spionne boppe wetter. Piet Kapenga, dy’t de koffer fan Mata Hari fûn hat, fertelt der jûn oer yn Bynt.

Praat mar Frysk
In hiel soad Fryske wurden binne net mear yn gebrûk. Sterker noch, wy witte kwealik noch wat se betsjutte. Dizze wike yn ús rige Praat mar Frysk: Fergetten wurden!

Coming Out Day
Kinsto yn Ljouwert wol út de kast komme? Yn elk gefal binne der te min homokafees yn de stêd, seit Andries Seefat. Hy fertelt wêrom't it wichtich is dat Ljouwert dochs in plak foar homo’s hat.

BY12JO02

Camille wol graach wer in homokroech yn Ljouwert...

PRAATMARFRYSK_2015-10-12

Praat mar Frysk

ReitseGarnalen

Reitse op syk nei garnalen

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)