Bynt fan 12 maart 2014 18:30

Fryslân wurdt faak sjoen as de moaiste provinsje fan Nederlân. Wy sjonge sels dat wy 'it bêste lân fan d' ierde' binne. Dochs is der fan alles te rêden yn ús maatskippij dat fan grutte en somtiden ûnomkearbere ynfloed is op de romte om ús hinne. Dêrom begjint op sneon 15 maart de nije tv-searje 'Moai Fryslân', in koproduksje fan Landschapsbeheer Friesland, de Friese Milieu Federatie en Omrop Fryslân. Oer dizze seisdielige tv-rige prate wy jûn yn Bynt mei programmamakker Albert Jensma, lânskipsarsjitekt Els van der Laan en Hans van der Werf fan de Friese Milieu Federatie.

Yn Bynt sjogge wy de hiele wike mei bestjoerskundige Rieks Osinga foarút op de gemeenteriedsferkiezings fan nije wike. Hjoed dogge wy dat yn Snits, by de Partij voor de Bijstand. Ald-miljonêr Johan Spruit runt de partij allinnich, en lit dêrmei sjen dat (lokale) polityk foar eltsenien is.

Wat as it libben efkes hiel dreech is? Bygelyks troch sykte fan joself of fan jo partner. Muzyk kin dan in bysûndere útlaatklep wêze. Us saakkundige Evert Fokkema sjocht dat geregeld fan tichtby yn syn wurk by fersoargingshûs Leppehiem. We prate, sjogge, mar harkje foaral hoe't âlderein muzyk brûke kin om harren kreatyf te ûntwikkeljen of bygelyks op te rjochtsjen nei tsjinslach.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)