Bynt fan 12 jannewaris 2016 17:20

Fryske ferhalewedstriid Ek yn 2016 presintearje it Skriuwersboun, Omrop Fryslân, it Friesch Dagblad en it Cedin in Fryske ferhalewedstriid! Oars De fjirde Fryske ferhalewedstriid hat as tema: Oars. Dat hat alles te krijen mei Gysbert Japicx (1606-1666), de Boalserter skoalmaster, foarsjonger en dichter dy't dit jier, 350 jier nei syn ferstjerren, betocht wurdt mei allerhanne festiviteiten. Japicx hat tige wichtich west foar de ûntjouwing fan it skreaune Frysk.

Dit jier ek foar jongerein Dit jier is der ek in junioredysje, om it skreaune Fryske wurd ek by bern ûnder de oandacht te bringen. Yn 'e oanrin ta de wedstriid sil skriuwster Lida Dykstra in tal gastlessen jaan op de middelbere skoallen yn trije doarpen, mei op 'e nij it koarte ferhaal as ûnderwerp.

Wêr moat it ferhaal oan foldwaan? Fan de dielnimmers wurdt ferwachte dat se in ferhaal skriuwe fan maksimaal 775 wurden. De talen dêr't de bydragen yn skreaun wurde meie, binne de streektalen fan Fryslân, dus neist Frysk bygelyks ek Stellingwerfsk, Skiermûntseagersk of it Snekers. Eins alles, útsein it Nederlânsk. De ynfolling fan it tema 'Oars' is hielendal frij. It ferhaal hoecht dus net oer Gysbert Japicx te gean. De ynstjoerings wurde anonym hifke troch in betûfte sjuery. It stik, dat begjinne moat mei namme, bertedatum, e-mailadres, en telefoannûmer fan de ynstjoerder, kin maild wurde nei: bestjoer@skriuwersboun.nl, û.f.f. Ferhalewedstriid. Net letter ynstjoere as 1 maart 2016.

Skriuwworkshops fan Koos Tiemersma. Dochst ek mei of wolst gewoan ris besykje om in ferhaal te skriuwen? Folgje dan in workshop fan skriuwer en Gysbert Japicxpriiswinner Koos Tiemersma. Hy bringt de dielnimmers de technyk fan it koarte ferhaal by. De skriuwwurkwinkels fine plak yn De Klink yn Koudum (25 jannewaris), De Pleats yn Burgum (1 febrewaris) en It reade hynder yn Wommels (8 febrewaris). Oanfang: 20.00 oere. Yntree: 5 euro, ynklusyf tee/kofje.
Opjaan foar de workshops kin fia  bestjoer@skriuwersboun.nl. 

Wat kinsto winne? De bêste trije ferhalen fan beide skiften, de junior- en seniorwedstiid, wurde beleanne mei in priis en de ferhalen wurde publisearre yn it Friesch Dagblad. Ut de beide winners fan de twa kategoryen kiest de sjuery boppedat ien dêr't in ferfilming fan makke wurdt troch Omrop Fryslân. De film wurdt yn juny as rige útstjoerd yn it telefyzjeprogramma Bynt. Yn itselde programma sille op 7 april de priiswinners bekend makke wurde.

De winner fan ferline jier: Rjochtdei

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)