Bynt fan 12 febrewaris 2014 18:30

Biruk Tesfaye út Etiopië is it grutse part fan syn libben al op 'e flecht. Earst fanút syn bertelân nei Kenia, en no wennet er op De Jouwer. As sjoernalist en filmprodusint makke hy yn Afrika krityske reportaazjes, mei as gefolch dat er mei de dea bedrige waard. Sûnt twa jier wennet Biruk foar syn eigen feiligens no yn Fryslân. Bynt gie by him del om te sjen hoe't it der foar stiet mei syn grutte dream: yn Nederlân sa fluch mooglik slagje as filmmakker.

Wy kenne Riemer van der Velde allegear fan syn leafde foar 'syn' SC Hearrenfean. Mar hoe sit it mei syn leafde foar syn frou Annie? Al fyftich jier hawwe se ferkearing en se strielje noch altyd as se byinoar binne.

En wat as men net tegearre de âlde dei trochbringe kin? Ien fan beiden hat soarch nedich, mar de oare is bygelyks noch te goed foar it fersoargingshûs. It is in grutte griis foar in protte âlderein. Hoe gean wy yn de soarch om mei 'leafde op leeftyd'? En wêr kin of moat dat better? Dêr prate wy jûn oer yn Bynt mei ús fêste gast Evert Fokkema.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)