Bynt fan 12 desimber 2013

Nei mear as fjirtich jier ferdwynt it merk ‘Friesland Bank’ út it strjitbyld. Yn Bynt in byldgedicht oer de ein fan wat ea begûn as de ‘coöperatieve zuivelbank’.

Rients Gratama stiet op de respektabele leeftiid fan 81 jier noch altyd op de planken, ditkear mei in nij kryststik, ‘De slach om de Beerenburcht’, oer de striid tusken twa famyljes. Gratama is sels skriuwer fan it stik. Keunstleafhawwer Steven Sterk fertelt oer syn bewûndering foar Gratama.

En: muzyk út je heitelân. Foar in soad Friezen fan bûtenlânske komôf ropt it gefoelens op dy’t harren werombringe nei plakken fan eartiids. Yn ús rige hjoed Campbell Forbes, berne op de Bahama’s. Hy kaam nei Nederlân foar de leafde, mar as hy de klanken heart út syn heitelân is er wer thús.

Fierder jûn: it Huis voor Jongeren yn Fryslân bestiet tsien jier. Hoe giet it der om ta yn dizze krisisopfang foar jongerein? En hoe is it guon fan de jongeren fan it earste oere fergien?

Genôch reden om jûn te sjen nei Bynt! Mei Arjen de Boer.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)