Bynt fan 12 april 2016 17:20

Honorêr Konsul Israel
Arjen Lont út Sint-Anne hat in grutte leafde foar Israel en dy leafde kriget no dus in offisjele titel. Hy is beneamd ta honorêr konsul.

De ekonomyske termometer
Mei Bouwe de Boer stekke wy wer de termometer yn de ekonomy fan Fryslân. Hoe stiet it derfoar mei de duorsumens fan ús provinsje? Yn oktober krige de duorsumens in 6, mar wat soe hy dizze kear jaan?

Jopie Huisman
Dizze wike folgje we de minsken fan teaterselskip BUOG. Dy gean by ferskate soarchsintra del om âlderein ûnder te dompeljen yn de wrâld fan de skilder Jopie Huisman. Hjoed ite de bewenners fan twa âldereinhuzen yn Boalsert ûnder oaren Jopie's leaflingsiten.

Skûtsjesilen
Hy wol it autentike behâlde en de jongerein it wetter op stjoere. René Nagelhout is de nije foarsitter fan de SKS en sprekt jûn yn Bynt syn ambysjes út.

Jopie Huisman yn Boalsert

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)