Bynt fan 11 maart 2015 17:20

In dei op it wetter
Takom wike woansdei, tagelyk mei de Steateferkiezingen, meie wy ek nei de stimbus foar de wetterskipsferkiezings. No sneon pakt Omrop Fryslân dêrom grut út op de radio. De folsleine dei binne wy live út it Woudagemaal op De Lemmer wei, en it tema fan de dei is dan ek “In dei op it wetter”. Presintator René Koster fertelt oer it wêrom fan dizze dei yn Bynt.

Goed hearre mei twa ymplantaten
Elske Posthuma wie jierrenlang sa goed as dôf. Yn novimber wie sy alris te sjen yn Bynt. Doe hie se ien ymplantaat krigen, der’t se al better mei hearre koe. Troch crowdfunding hat se no ek in ymplantaat foar har oare ear krigen. Hoe hat dat har libben feroare?

Alde Tsjerken
De tsjerken sille as gebou wol oerein bliuwe, mar harren funksje feroaret. In proses dat al jierren geande is, en wêrfan de ein noch lang net yn sicht is. Dizze wike gean we mei tsjerkegongers werom nei har âlde tsjerke dy't yntusken in nije bestimming krigen hat. Hjoed bin we yn Easterbierrum. Dêr’t eartiids de preek te hearren wie, kin der no fakânsje fierd wurde.

Boekewike
Dizze wike is it wer boekewike. It tema fan dit jier is 'Waanzin'. By ús oan tafel sit Ronnie Terpstra fan boekhannel Van der Velde yn Ljouwert. Hy sil ús byprate oer de moaiste boeken dy't je op dit stuit keapje kinne. Boppedat komt hy mei trije boeketips fan boeken dy’t je net misse meie!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)