Bynt fan 11 maart 2014 18:30

Boer Thom de Groot fan Goattum hat hjoed syn fee werom krigen. It fee wie ynnaam troch de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) op fertinking fan ferwaarleazing. De Groot tinkt lykwols dat de NVWA it op him foarsjoen hat, ûnder oaren omdat er wegeret syn fee earmerken yn te dwaan. Wat is de reaksje fan de NVWA op dizze oantigings? Jûn hearre wy harren kant fan it ferhaal yn in wiidweidich petear.

Foar ús rige oer de kommende gemeenteriedsferkiezings sjogge we hjoed yn Harns. Yn in referindum keas 80 persint fan de Harnzers foar it selsstannich bliuwen fan harren gemeente. Ha se keazen mei it hert, of mei it ferstân? En wat is better?

Net ien hat der nocht oan, mar it moat dochs barre: de belestingoanjefte. It is wer safier, foar 1 april moat it ynfolle wêze, digitaal of op de âlderwetske manier. Erica Verdegaal is te gast yn Bynt om jo tips te jaan. En dêrmei wurdt it net allinnich makliker, mar ek léuker. Want wa wit smyt it jo dit jier noch wol wat ekstra's op.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)