Bynt fan 11 maaie 2015 17:20

Kanon fan de Waadeilannen
Der binne al in hiel soad boeken oer de Waadeilannen skreaun. Mar dochs komme der noch hieltyd nije boeken by. En dêr stean dan faak wer nije feiten yn. Sa ferskynt moarn 'De canon fan de Waddeneilanden'. Jûn fêst in lyts foarpriuwke fan it boek mei skriuwer Jan Houter.

Mei Reitse op de camping
Hjoed komt de temperatuer wer hearlik boppe de tweintich graden út. Dat betsjut dat de barbecues wer ûnder it stof wei komme kinne. Mar foardat jo al it fleis swart op it rek lizzen hawwe, sil ús eigen Reitse Spanninga jûn noch wat tips jaan foar in hearlike cheeseburger fan de grill!

Werom sjen mei in Facebooktopper
Op Himelfeartsdei sjogge wy yn in spesjale útstjoering werom op de aardichste en bêst besjoene filmkes fan twa seizoenen Bynt. Hjoed begjinne wy dêr al mei, mei de reportaazje fan de rugbyers fan Greate Pier yn Ljouwert.

Allan yn in boyband
Fjouwer jonges út ferskate hoeken fan it lân meitsje harren op foar in libben yn de spotlights. Op it stuit wurdt der efter de skermen hurd wurke oan de lansearring fan ‘Stad en Land’, in nije Nederlânske boyband. De earste single is freed útkaam. Ien fan de jonges út de band is de Fryske Allan Hoekman út Drachten.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)