Bynt fan 11 juny 2015 17:20

Oerol
Dit jier krije oare Fryske festivals in grutte rol op Oerol. Sa meie Welcome to the Village en Explore the North takom snein bepale wat der op de Betonning stiet. Dat sil barre ûnder de namme Explore the Village. Koen Haringa fertelt wat de plannen binne.

Klassike muzyk op skoallen
In spesjale gastles jûn yn Bynt. Theo Brouwer nimt ús mei yn syn wrâld fan de klassike muzyk. De dirigint fan it Frysk jeugdorkest docht dat ek op basisskoallen yn de provinsje.

Mienskip yn in Mienskip
Yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd 2018 en it tema 'Mienskip', seagen wy dizze wike by fjouwer mienskippen yn Fryslân. Hjoed gean wy foar de lêste kear op in paad. Wy gean nei de Vrijmetselarij yn Snits.

Gurbe
Wa kin him net? It boerke Gurbe, alle dagen te sjen op pagina twa fan de Ljouwerter Krante. 60 jier bestiet it stripfiguer. Pieter de Groot fan fan it LC wie jierrenlang ferantwurdlik foar de teksten fan miskien wol it meast ferneamde boerke út Fryslân.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)