Bynt fan 11 juny 2014 18:30

Bernepardon
Bern dy't hjir berne binne. Hjir freontsjes en freondintsjes hawwe en yn Fryslân op skoalle sitte. Soms de Fryske taal ek leare. Hûnderten minsken hawwe de petysje tekene om foar te kommen dat de 11-jierrige Sems Anar en de 8-jierrige Natahan Zuleyga weromstjoerd wurde nei Azerbeidzjan. De aksje is in inisjatyf fan sjonger Marcel Smit. Bynt gie del by de bern en wy prate oer de saak mei Marcel Smit. Wêrom set hy him yn foar dizze saak?

Heitedei:
No snein is it heitedei en dy is foar elkenien wer oars. Dêrom dizze wike yn Bynt omtinken foar de heiten fan Fryslân. Christiaan Stavorinus fan De Westereen is nei syn skieding saneamd 'co-ouder' wurden. Syn bern binne likefolle by him as by syn eks.

De druk fan seks
We sille it hawwe oer seks! Want dat heart fansels leuk en lekker te wêzen, mar dat is it foar in protte jonge froulju net. Hieltyd mear famkes hawwe seks wylst se der noch net oan ta binne en krije dêrtroch pine by it frijen. Wy prate der oer mei psycholooch Irma van Steijn.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)