Bynt fan 11 febrewaris 2015 17:20

    De perfekte iisflier op it WK ôfstannen
    Moarn begjint it WK ôfstannen op It Hearrenfean. It is it lêste grutte toernoai yn it âlde Thialf foar de miljoeneferbouwing. Iismaster Beert Boomsma fertelt jûn hoe’t it iis derby leit...

    Hoe komt it mei de warehuzen?
    It koe allegear net op foar de grutte warehuzen, mar dat is no hiel oars. Bedriuwen lykas Hema, V&D en de Blokker hawwe it dreech. Neffens de spesjalisten binne de problemen van V&D en Blokker noch mar it begjin. Wêr is it misgien en wat moat er oars? Oan tafel yn Bynt is dosint Corrie van Noort fan Stenden University yn Ljouwert.

    Thússtêd Harns: Gerry en har akkordeon
    Dizze wike binne wy te gast yn Harns. Dêr hawwe se de ôfrûne tiid te krijen mei allegear feroaringen. Ien dy’t alles meimakke hat is Gerry Dijkstra. Sy wennet al har hiele libben yn de stêd en hat in soad meimakke...

    One-Wall Handball (muorrekeatsen dus)
    Geert Vandervelden is de bûnscoach in tsjinst by it KNKB. Hy tinkt dat One-Wall Handball, of muorrekeatsen, de rêding fan de keatssport is. Hy hat sels de ambysje om der in Olympyske sport fan te meitsjen.

    Bynt

    It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    (advertinsje)