Bynt fan 11 febrewaris 2014 18:30

It fangrailbedriuw Prins Dokkum moast ferline jier de doarren slúte. De ympekt wie grut op de mienskip yn Dokkum en dat is noch altyd te fernimmen. Annet Huisman makke in dokumintêre oer de froulju fan Prins Dokkum, dy't oansjen moasten hoe't harren mannen op 'e dyk kamen te stean. Se fertelt jûn yn Bynt oer har ûnderfinings.

It is freed falentynsdei. Oanlieding foar Bynt om yn Fryslân op syk te gean nei de wiere leafde. Bestiet soks en wat is dat dan? Ien op de trije houliken rint stikken. Mar twa fan de trije rêde it dus op. Wat is it geheim? Hjoed praat Miranda Werkman mei de pubers op it Piter Jelles yn Ljouwert oer harren ûnderfining mei de leafde. En hoe is it mei Jan en Ans Miedema, dy't 9 jier ferlyn stralend fertelden oer har relaasje yn it programma De Leafde?

En we prate oer 'crowdfunding'. Stel: je hawwe in geweldich nij idee en dat wolle je oan de man bringe. Der ha je wol startkaptaal foar nedich. Eartiids gongen je dan nei in bank om in liening of sochten je sponsors. No dogge hieltyd mear minsken oan crowdfunding: je freegje dan minsken fan it publyk om in lytse bydrage. Ynternetsaakkundige Schelte Meinsma, dy't sels op dy manier ek nije inisjativen stipet, is by ús yn de studio om te praten oer dizze nije trend. Ek skoot Hetty Kloosterman oan. Sy sammele mei crowfunding 1500 euro om in dichtbondel te meitsjen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)