Bynt fan 10 septimber 2014 17:20

FIFA wol harsenskoddings oanpakke
It wrâldfuotbalbûn FIFA wol in pauze fan trije minuten ynlaskje as skiedsrjochters tinke dat in spiler in harsenskodding hat. Moat dat net langer wêze? Of is dit just in stap yn de goede rjochting? Dêr prate wy oer mei Marco van der Heide. De âld-fuotballer fan SC Cambuur moast ophâlde mei fuotbal nei in harsenskodding.

De Oculus Rift bril
Minsken mei in sosjale sykte helpe mei de help fan moderne technyk. Dat besykje se by it bedriuw Coolminds yn Ljouwert. Mei de Oculus Rift bril kinne se bygelyks minsken helpe dy't lêst fan pleineangst hawwe. Hoe? Dat demonstrearje se jûn yn de studio.

Iepenloftspul Penjum
Yn Penjum wurdt drok repetearre foar it iepenloftspul dat dit wykein dêr yn premjêre giet. Elske Klik spilet ek mei en hat in edelsmidderij op it doarp. Wolsto ek nei it iepenloftspul yn Penjum? Diel en like dan dizze reportaazje op www.facebook.com/OmropBynt en meitsje kâns op twa kaartsjes foar de premjêre kommende sneon.

Previnsje fan selsmoard
Wat kinny wy, as gewoane boargers, dwaan om selsmoard by bekenden foar te kommen? Jûn is der yn kongres oer dit ûnderwerp by de GGZ yn Ljouwert. Psycholooch en heechlearaar Jos de Keijser, spesjalist op dit mêd, sil dêr de iepening fersoargje. Mar earst skoot hy oan yn Bynt om te fertellen wat minsken dwaan kinne om oare minsken te helpen dy't omrinne mei plannen om harsels tekoart te dwaan

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)