Bynt fan 10 novimber 2015 17:20

Langsum ynternet Wennesto ek op it Fryske plattelân? De kâns is dan grut dat dyn ynternet net hiel fluch is. Piet Achenbach út Jonkerslân hat dat probleem ek. Wat tinkt hy fan it plan om it ynternet op it plattelân rapper te meitsjen? Fryske modellen De ynternasjonale moadewrâld leit oan harren fuotten. Fryske famkes dûke hieltyd faker op as modellen op ‘e catwalk of op ‘e foarkant fan de grutte blêden. Wat is it geheim fan dizze Fryske beauty’s? Tafel 18 Wa is de bêste amateurkok fan Fryslân? It is dé grutte fraach yn it programma Tafel 18, sneontejûns te sjen op Omrop Fryslân. Ofrûne wykein makken de kandidaten in dessert. Spesjaal foar Bynt krigen Brenda, Michiel, Evert, Gesina, Leo en Dirk dan ek in 'masterclass patisserie' yn Drachten. Recept ChocolademousseIt Noardlik Film Festival Dizze wike is it wer tiid foar it Noardlik Film Festival yn Ljouwert. Yn Bynt skoot programmeur Fredau Buwalda oan om ús sjen te litten hokker films wy net misse meie de kommende dagen!

BY10KO03

Lekker guod meitsje yn Tafel18!

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)