Bynt fan 10 maart 2016 17:20

Earste drone-race yn Fryslân
Ferjit de Formule 1. Droneracing! Dat is de nijste spektakulêre sport. Sneon is der foar it earst in race yn Fryslân. Yn Ljouwert, yn it leechsteande gebou fan Zwette Meubelen. 20 drones nimme it tsjin elkoar op, om wa’t it hurdst in rûntsje fleane kin. Inisjatyfnimmer Ritske van Kesteren skoot oan yn Bynt om te fertellen oer dizze tige populêre apparaatsjes.

De Bogerman Bigband is jirdei
It is in begryp yn de Súdwesthoeke: de Bogerman Bigband. Ferskate muzikale talinten begûnen harren karriêre hjir. De band bestiet 30 jier en takom snein is der in grut konsert om dit te fieren. Yn de studio dirigint fan de earste oere Anne Oosterhaven.

Rige: pareltsjes út it Fries Film Archief
Foar de rige fan dizze wike sjogge wy tegearre mei koördinator Syds Wiersma fan it Fries Film Archief nei de moaiste fragminten út de tûzenen âlde films dy't sy bewarje. En wat blykt? Yn 1974 wie de twataligens ek al in grut tema yn Fryslân.

It paad nei gelok
In massaazje, in lekker kopke kofje, moaie muzyk. Allegear saken dêr't je gelokkich fan wurde kinne. Dit wykein wurdt yn Ljouwert foar it earst de ‘Geluksroute’ rûn. Doel is om it gelok te fersprieden. Organisator Sjoukje de Haas fertelt yn Bynt wat no de kaai is ta wier gelok.

BY10CP01

De lêste ôflevering yn de rige: Fries Film Archief.

BY10CP03

Bynt wie by de repetysjes fan de Bogerman Bigband.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)