Bynt fan 10 maart 2015 17:20

Opstelten fuort
Troch de besunigingen op it justisjeel apparaat hiene se harren al net populêr makke. No kostet in deal mei in topkrimineel de Minister fan Justysje Ivo Opstelten en syn steatssekretaris Fred Teeven de kop. Sjoernalist Simon Vuyk seit dat de twa ek goeie dingen dien hawwe...

De dream fan Martin Cnossen
Yn de oanrin nei de provinsjale steateferkiezingen fan takom wike litte we friezen har dream foar Fryslân útsprekke. Hjoed is it de beurt oan Martin Cnossen. Hy dreamt derfan om op in hiele aparte wize nei de Waadeilannen te reizgjen.

De âlde tsjerke fan Terherne
Dizze wike gean we yn Bynt mei tsjerkegongers werom nei har âlde tsjerke dy't yntusken in nije bestimming krigen hat. Hjoed binne we yn Terherne. 80 kear yn it jier sit de tsjerke dêr fol. En dan is it feest.

De Worstelaar
It boek “De Worstelaar” is koartlyn útkommen. It fertelt it libbensferhaal fan Sander Terphuis. Op syn 18e ûntflechte hy syn heitelân Iran en kaam by tafal yn Burgum telâne om yn te boargerjen. Jûn fertelt hy syn bysûndere ferhaal...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)