Bynt fan 10 juny 2015 17:20

Cornelis Terpstra hâldt der mei op
Keatser Cornelis Terpstra hâldt der mei op. Dit natuertalint hinget syn keatswant yn de beam, foar safier’t er dy want al hie. Want nei de rjochtsaken oer it meitsjen fan in eigen want, en it net krije kinnen fia in oar, is it foar Terpstra no genôch.

Tatoeaazjes
Tatoeëarder Danny Lübeck wol mear Friezen oan de tatoeaazjes. Dêrom organisearret hy in tatoeaazjebeurs yn Ljouwert. Dit wykein stiet it WTC yn it ramt fan de Tattoo Convention.

Mienskip yn in Mienskip
Yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd 2018 en it tema 'mienskip', sjogge we dizze wike by fjouwer mienskippen yn Fryslân. Hjoed gean we mei in klup âlde skouts op ‘en paad, op syk nei harren gefoel by it wurd Mienskip.

In AZC yn Snits
Snits kriget in AZC. Dat liket wol dúdlik te wêzen. De minsken yn de buert binne der net echt wiis mei. Op de ynformaasjejûn fan de gemeente wie der in soad opskuor. Mar hoe sit it mei de asylsikers? Nayiri Habeshian komt út Syrië en wennet al in jier yn de Noardhoeke yn Snits.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)