Bynt fan 10 juny 2014 18:30

Pinkpop
Pinkpop mei dan wol dien wêze, wy krije der gjin genôch fan. Yn Bynt prate wy dêrom nei. Douwe Talma wie der by en hie in ynterview mei nimmen minder as de mannen fan Metallica. Dy band hat 30 jier lyn in optreden jûn yn De Westereen. Wat witte se dêr noch fan? En der is in reportaazje oer it Drachtster Noordpoolorkest, dat op Pinkpop spile mei Ed Kowalczyk fan Live.

Rige: Heitedei
De tredde snein fan juny is it heitedei. Dizze hiele wike yn Bynt omtinken foar Fryske heiten. Wat is harren posysje as heit en hoe ûnderfine sy heitedei? Hjoed in heit dy't der net altyd foar syn soan wêze koe.

WK-koarts
Tongersdei begjint it WK en dat betsjut mar ien ding: WK-koarts. Nederlanners binne wer massaal yn de Oranjestimming en fansels spylje marketeers dêrop yn. Mar net alle ûndernimmers profitearje fan it fuotbaljen. Wat is krekt de ynfloed fan it WK op ús ekonomy? En we ha it oer in oar bekend WK-fenomeen: it pûltsje. Gokke jo ek? En dogge jo dat dan mei freonen of kollega’s, of bygelyks op in wedkantoar of op ynternet? We prate hjiroer mei Schelte Meinsma.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)