Bynt fan 10 jannewaris 2014 18:30

In 20 meter heech byld fan in Frysk hynder by de Ofslútdyk. Dat is de dream fan teaterprodusint Barbara Borger út Amsterdam. Neffens har kinne de Friezen mei it grutte byld sjen litte hoe grutsk se op har provinsje binne. Der is al in lytser model makke troch in keunstner yn Glasgow, dat dizze dagen yn it WTC yn Ljouwert stiet. It plan fan Borger helle it bidbook fan de Kulturele Haadsted net. Yn Bynt fertelt se hoe't it no fierder moat mei har dream.

Ferslachjouwer Albert Jensma komt mei syn lêste bydrage oer muzykteaterstik Faderpaard. Tongersdei wie de grutte premjêre fan it nije projekt fan Jos Thie. Hoe seach dat der út yn it WTC nei alle tariedings en wat wiene de reaksjes fan de taskôgers?

Olympyske Spelen, it WK fuotbal, de Tour de France. Mar ek de PC yn Frjentsjer, in simmer lang skûtsjesile en Cambuur-Hearrenfean. It koe wol ris in hiel moai sportjier wurde. Wy sjogge foarút mei Age Veldboom, Berber van den Berg en Gerard Bos op wat 2014 op it mêd fan sport bringe sil.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)