Bynt fan 10 febrewaris 2016 17:20

In pittige grypepidemy
De grypepidemy hat Nederlân no al in pear wiken yn de macht en it liket der net op dat dat ynkoarten oars wurde sil. Yn Bynt prate we hjoed mei húsdokter Huisman út Boalsert. Hy hat altyd in bearenburchje klear te stean foar syn pasjinten, mar om dizze gryp te oerwinnen moat der by de measten dochs (nóch) wat sterkers oan te pas komme.

Kofje en katten
Hielkje Wester út Earnewâld hat in leafde foar ûndernimmen en foar katten. Fan moarn ôf komme beide bymekoar yn har nije kattekafee midden yn Grins. Yn dit kafee kinst net allinnich in bakje kofje, tee of in broadsje helje, mar ek in flinke doasis katteleafde.

Fryske Vloggers
Se binne de Tom Cruisen en de Leonard DiCaprio's fan hjoed-de-dei: floggers. Mei harren kamera's filmje se alles en eltsenien. Dat materiaal giet dernei fia YouTube nei tûzenen soms miljoenen sjoggers. Yn Bynt geane wy dizze wike by fjouwer súksesfolle Fryske floggers del.

Ynternet nimt in flucht
Tochten jo dat it ynternet ús libben feroare hat? De echte revolúsje sit der no pas oan te kommen. In slim netwurk wêrop't alles mei mekoar ferbûn is. Dat betsjut bygelyks dat apparaten yntinsyf mei elkoar kommunisearje kinne. Dat smyt in soad foardielen op, mar ek neidielen. Ynternetûndernimmer Wouter Slotegraaf fertelt hjoed mear oer ús ynternettakomst.

BY10BP04

De katten fan Hielke har nije kattekafee binne tige kamerageniek.

BY10BP01

De Fryske vlogger Thomas hat mei syn vlogs al aardich wat sjoggers oan him bûn.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)