Bynt fan 10 febrewaris 2015 17:20

It skelet fan Hegebeintum
In ieuwenâld skelet út de terp fan Hegebeintum krijt in gesicht. It skelet fan in frou út de 6e ieu is gewoanwei te sjen yn de fêste tentoanstelling fan it Fries Museum, mar wurdt tiisdei nei Amsterdam brocht foar in gesichtsrekonstruksje. De bonken waarden yn 1905 yn in "boomkist-graf" út de terp fan Hegebeintum opgroeven. Konservator Terpekultuer Nelleke IJssennagger is tiisdeitejûn te gast yn Bynt om mear te fertellen oer dit projekt.

It Woudagemaal op Google maps
Ek Hilda Boesjes fan it Woudagemaal op ‘e Lemmer skoot jûn oan by presintator Roelof Lousma. Moasten je earder noch nei it gemaal ta, tsjinwurdich giet dat hiel oars. No kin je gewoan fan hûs út op de kompjûter op ekskurzje troch it gebou.

Thússtêd Harns: Chris yn de offshore
Dizze wike binne wy te gast yn Harns. Dêr hawwe se de ôfrûne tiid te krijen mei allegear feroaringen. Sa hat de tradisjonele fiskerij yn Harns it al jierren dreech. Ek kokkelfisker Chris rekke syn baan kwyt, en moast op syk nei wat oars.

Iten sierde mei klykjes
We goaie yn Nederlân fierstente folle iten, dat noch goed is, fuort: mei-inoar wol fyftich kilo per persoan per jier. Dat is fansels hielendal net goed foar it miljeu. Dêrom hat Jildou Overmaat tegearre mei in freondinne it boek “Koken met restjes is leuk” makke.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)