Bynt fan 10 desimber 2015 17:20

Trije toptalinten oer de leafde foar klassike muzyk
Wat makket de saksofoan sa’n moai ynstrumint? Wêrom wol in fiifjierrige sello spylje? En hoe is it om op it konservatoarium te sitten yn Molenbeek, de Brusselske wyk dy’t de ôfrûne wiken mear wei hat fan in oarlochsgebiet?

Jûn yn Bynt trije fassinearende froulju oan tafel mei elk har eigen ferhaal. Mar wat harren bynt is de leafde foar klassike muzyk.

Dana de Vries, Femke IJlstra en Valentina Tóth stean dit wykein mei elkoar op it podium fan it earste Fryske Toptalenten Concert. Mei harren prate wy in útstjoering lang oer passy, ambysjes en de binende krêft fan muzyk.

Wylde Swan
Der komt lân yn sicht foar de trainees fan de Wylde Swan. Mar soarget dat ek foar ferromming? Hjoed foar it lêst de aventoeren fan Merlijn en Rens yn in ‘See fan tiid’. In filmferslach fan âld-trainee Tamara van den Berg.

ByntRige4

Trainee wêze op 'e Wylde Swan

Reportaazje oer de nije opfang yn Heliconstate

It talint fan Valentina Tóth

BY10LO03

Femke IJlstra hat in bysûnder talint foar de saksofoan

BY10LO04

De leafde tusken Dana de Vries en har sello

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)