Bynt fan 10 april 2015 17:20

Dit wykein spilet Cambuur de lestige útwedstriid tsjin FC Grins. De mannen fan trainer Erwin van de Looi hellen ôfrûne woansdei de finale fan de KNVB-beker tsjin Excelsior, mar yn de earste helte fan de kompetysje waard it 3-0 foar Cambuur. Hoe stean de Ljouwerters derfoar? En wat tinke se yn Grins fan de ploech fan Henk de Jong? Wy prate der oer mei Cambuurfolger Gerard Bos fan it Friesch Dagblad en analist Barend Beltman fan RTV Noord.

Fierder skoot ek Klaas Jan Bos fan RTV Noord-Holland oan. Mei him sille wy foaral prate oer de wedstriid Hearrenfean - AZ. Wat ferwachtsje se dêrfan yn Alkmaar? En wêr spylje de Feansters eigentliks noch foar, no't de play-offs hast wol binnen binne? En hellet trainer Dwight Lodeweges miskien wol in ferrassing yn syn ferdigening út de hege hoed mei in basisplak foar Jerry St. Juste?

Yn Myn Klup sjogge wy dizze wike by de tennissers fan T.C. Nijlân út Ljouwert, yn de kwis is it shirt fan Berend Schootstra te winnen & fansels is der ek wer in Toto. Dizze wike hielendal út Sweden!

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)