Bynt fan 10 april 2014 18:30

Moarn stiet himpkweker Doede de Jong út Appelskea foar de rjochter. Hy moat yn Ljouwert foar it gerjocht komme foar it ferbouwen en ferkeapjen fan himp. De Jong wol dat de himptylt legalisearre wurdt. Neffens him soe dat in soad jild opsmite kinne foar it ryk. Hat hy moarn in kâns? En wat driuwt him, fielt hy him in soarte fan Don Quichot?

Hjoed sjogge wy by de lêste titelkandidaat foar de ferkiezing van de Fryske ûndernimming fan it jier. We gean del by Sijperda Verhuur, dat de ôfrune jierren groeit is nei mar leafst alve fêstigings yn it Noarden. Nettsjinsteande de krisis yn de bousektor, de wichtichste merk foar it bedriuw, bliuwt Sijperda oerein. Wat is it geheim fan dit suksesfolle ferhierbedriuw?

Fakmuzikanten en amateurs dy't tegearre muzyk meitsje yn de geast fan de grutte komponist Johann Sebastian Bach. Dat is it doel fan de Nederlandse Bach Academie, oprjochte troch dirigent en komponist Hoite Pruiksma. Jûn skoot hy tegearre mei ús saakkundige Steven Sterk oan by Bynt. En wy sjogge by in útfiering fan de Johannes Passy yn Snits...

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)