Bynt fan 1 maaie 2015 17:20

Bynt Sport op freed

Jûn binne Henry van der Vegt, de nije technysk direkteur fan SC Cambuur, rjochtsback Wout Droste fan de Ljouwerters en kolumnist Jaap Stalenburg te gast. Is der al in nije transfer te melden op de earste wurkdei fan Van der Vegt? En hokker klup hat Wout Droste op it each? Jûn te sjen yn Bynt!

Dizze wike yn Myn Klup it ferhaal fan Louw Wobbes. Hy docht oan stockcar racing; mei in race-auto 20 rûntsjes oer in 400 meter baan ride. En dan sa fluch mooglik fansels. Louw sit al mear as 30 jier yn de stockcars. Soan Rick is no ek oanstutsen mei it autokrossfirus en rydt ek mei yn syn eigen auto. Mei al dy famylje en monteurs der omhinne is it op racedagen in gesellige boel.

Fierder wer in moaie priis winne mei de kwis & folle, folle mear!

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)