Bynt fan 1 maaie 2014 18:30

It gebrûk fan antibioatika werombringe troch bistesykten te bestriden mei krûden. Dat is alteast it plan fan Sjoerd Miedema en Janna van der Meer fan Haskerdiken. Sy krigen it idee op in stúdzjereis nei Yndia, dêr't dizze manier al faker tapast wurdt. Se wolle it no op de eigen 350 kij útprobearje. Yn Bynt fertelle se wêrom't dizze manier harren oansprekt. Yn de studio ek Maaike van den Berg, bistedokter en spesjalisearre yn kij en bestjoerslid fan it KNMvD dat stiet foar Koninklijke Nederlandse Maatschappij voor Diergeneeskunde.

Yn Bynt sjogge wy al de hiele wike foarút op 4 en 5 maaie mei in searje reportaazjes oer fiif bysûndere objekten út it Frysk Fersetsmuseum. Sa binne der al in wetterkiste, in pear legerkistkes en in Joadestimpel foarby kaam, allegear brûkt yn de Twadde Wrâldoarloch. Hjoed oandacht foar it falske persoansbewiis fan plysjeman Harm Prins út Harns, dêr't syn soan jûn oer fertelt.

Dizze wike is der alle dagen in werhelling fan in ôflevering oer de Bynt-tún. Sa besykje wy de earste feroarings yn de tún yn byld te bringen. Hjoed kinne jo nochris sjen hoe't Miranda en Aat inoar goed oan it wurk sette by alles dat der yn de tún dien wurde moat.

Sjoerd Miedema en Janna van der Meer hawwe 30 maaie in iepen dei, fan 10 oan't 4.

www.campina.nl/onze-boeren/openboerderijendagen-2014 

It adres:

Sythústerfjild 2
8468 ML Haskerdyken

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)