Bynt fan 1 juny 2016 17:20

Oant sjen Jorritsma
Gjin drûge woarsten mear mar 'worstenbroodjes'. Nei acht jier ferruilet kommissaris fan de Kening yn Fryslân John Jorritsma syn baan foar in funksje as boargemaster fan Eindhoven. Wa moat him opfolgje? Polityk ferslachjouwers Andries Bakker en Atze Jan de Vries bûge har dêroer.

Underweis op de Slachtedyk
15.000 minsken kuierje of drave sneon de Slachtemaraton. Under harren Miranda Werkman. Sy sil 'm foar it earst rinne en ferkent dizze wike alfêst de rûte. Nei Easterbierrum en Achlum is hjoed Hidaard oan de beurt, want wat kinne de rinners en it publyk dêr sneon ferwachtsje?

Gjin prozac mar draafskuon
Wylst Miranda in stik fan de Slachterûte rint praat Roelof fierder mei psycholooch Charlotte Fiets fan Runningtherapie Ljouwert. Sy hat in leuker middel fûn tsjin depresjes: gjin prozac, mar draafskuon kinne je helpe...

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)