Bynt fan 1 juny 2015 17:20

De simmerfoarsizzing fan Piet Paulusma
Juster kaam Piet Paulusma mei syn grutte foarsizzing foar takom simmer. It sil waarmer wurde as normaal, mar yn augustus kin it ek flink reine. It kommentaar op de foarsizzing wie net fan de loft, en dêrom skoot Piet jûn oan om útlis te jaan oer it waar takom simmer.

Fryske asperzjes
Elkenien ken de asperzjes út Limboarch. Mar wisten jo dat it wite goud ek yn Ketlik yn de grûn sit? Wy stjoerden Reitse Spanninga nei de pleats fan Uultje Hoekstra om op syk te gean nei al it lekkers.

Rjochtdei
Yn Bynt kinsto dizze wike sjen nei de koarte film 'Rjochtdei'. It meitsjen fan dizze film wie de beleanning foar it moaiste ferhaal dat útkeazen is by de ferhalewedstryd fan It Skriuwersboun. Om it geheugen wat op te frissen sjogge we hjoed earst werom nei it ûntstean.

Boargemaster Peter den Oudsten
Hy is berne yn Ljouwert en wie dêr ek wethâlder. Letter waard hy boargemaster fan Meppel en Enschede. Sûnt begjin 2015 stiet Peter den Oudsten oan it roer fan de stêd Grins. In man fan it Noarden dus, en dêrom dé man by útstek dy’t fertelle kin oer de hjoeddeistige spanningen tusken Fryslân en de rest fan it Noarden.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)