Bynt fan 1 desimber 2014 17:20

De snor fan Binne-Pieter
In hiele moanne hat Binne-Pieter de Haan syn snor stean litten. Hy die nammentlik mei oan de "Movember"-aksje, en wol om in hiel persoanlike reden. Hy fertelt der jûn oer yn Bynt.

De konsul fan Mauritanië
It monumintale, eardere wenhûs fan arsjitekt Abe Bonnema yn Hurdegaryp hat in nije bewenner; de konsul-generaal fan Mauritanië. Jûn skoot dizze Jos Risseeuw oan yn Bynt.

Gastfrij Gaasterlân
Yn de Earste Wrâldoarloch kamen der in soad Belgen nei Gaasterlân ta. Se fûnen dêr in hûs, iten en in plakje by it geweld wei.

Hoe is it mei de Fryske ekonomy?
Mei heechleraar Jouke van Dijk sille wy sjen nei de Fryske ekonomy. Hoe is it der mei nei de krisis?

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)