Bynt fan 1 april 2016 17:20

Bynt Sport op freed

Mei de wedstriid fan De Graafschap tsjin SC Cambuur foar de doar moat it hjir wol oer gean yn Bynt Sport. Dat dogge wy jûn mei Cambuurwatcher Geert van Tuinen, âld-spiler fan de Graafschap én linksback fan SC Hearrenfean Caner Cavlan en Cambuurleginde Sandor van der Heide.

Wat tinke de mannen fan dizze wedstriid ûnderyn de earedifyzje? En hoe sit it eins mei Hearrenfean, bin dy klear foar dit seizoen?

En fierder?

Lit ek de Kening fan Kongo syn ljocht skine oer de degradaasjekreaker. En Caner Cavlan, hy wer, stelt dizze wike de fraach yn Arjens Sportkwis. It goeie antwurd kinne jo maile nei bynt@omropfryslan.nl!

TR7844

Meitsje kâns op twa kaartsjes foar Hearrenfean tsjin AZ!

BY01DP02

Wy seagen by de lêste training fan SC Cambuur foar de wedstriid tsjin De Graafschap

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)