Bynt fan 1 april 2015 17:20

It molkkwotum
1 april is de dei fan de flauwe grappen, mar ek de dei dy't troch feeboeren befrijdingsdei neamd wurdt. Nei 31 jier is der gjin molkkwotum mear en meie boeren safolle mooglik molke produsearre as se wolle. Jûn yn Bynt in debat mei Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren en Geart Kooistra fan de LTO.

Wurkje oan de Rinnende Bân
De hiele wike giet Bynt al del yn ferskate Fryske fabriken. Wy prate dêr mei de minsken dy’t alle dagen hurd oan it wurk binne oan de rinnende bân. Hjoed sjogge wy yn in fleisfabryk. Dêr pakt Petra alle dagen netsjes fleis yn doaskes yn.

Mei it Fryske hynder troch Amearika
Hy makke in tocht fan hast 4000 kilometer dwers troch Amearika. Anne Okkema fan Britsum die dat net mei in auto of in kemper, mar mei tsien Fryske hynders. In jongesdream foar Okkema, dy’t spektakulêre bylden oplevere hat.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)