Bynt fan 1 april 2014 18:30

It runnen fan in seksklup is net foar elkenien weilein. Harm Schievink docht it al tsien jier mei in soad wille, mar hâldt der no mei op. Hy liedt ús rûn yn syn klup 'De Huifkar' yn Aldeberkeap. Hoe is it om yn dizze wrâld te wurkjen? En hoe sjocht Harm werom op de ôfrûne tsien jier? In portret fan in markant man.

Yn de rige folgje wy de bewenners fan de saneamde 'beverhokken' yn Surhústerfean. De wenningstichting wol graach ôf fan dizze wenten, mar dêr binne de bewenners it net mei iens. Hjoed: Joop en Klaske van Dellen. Klaske is slim siik, dochs wolle se net ferhúzje.

Yn de reklamewrâld betinke se fan alles om omtinken te krijen foar in produkt. Mar, sizze bedriuwsekonoom Geesje Duursma en marketeer Ben Vloon, tradisjonele reklames binne net mear fan dizze tiid. As bedriuw moatte je in ferhaal ha om suksesfol te wurden. Want dat skoart. Ek as dat betsjut dat je in hiele bedriuwsskiednis betinke moatte.

Share this page on:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
(advertinsje)