Buro de Vries fan 9 septimber 2018 11:00

    Waskemar is in jong doarp oan de Haulerwiekster Vaort. It leit yn it noarden fan de gemeente Eaststellingwerf tichtby it trijeprovinsiënpunt fan Fryslân, Grinslân en Drinte. It is pas in doarp sûnt 1954. Earder foel it ûnder Haulerwyk en stie it bekend as Haulerwyk-beneden. Werom moast it selsstannich wurde? Hoe merke je dat it in jong doarp is en betsjut dat ek dat der in soad jongerein wennet? Yn de tsiende en lêste ôflevering fan 'Buro de Vries op it doarpplein' in portret fan it doarp Waskemar.

    De Trilker

    Waskemar hat ien stânbyld: 'De Trilker". In trilker is immen dy't in pream fan de kant ôf triuwt. By de ferfeaning fan Súdeast-Fryslân binne, mei de skeppe, fearten en wiken groeven om frachten turf mei dizze platte boaten ôf te fieren. Dy rjochte fearten - en dêrtroch rjochte stikken lân - binne noch altyd werom te finen yn it lânskip.

    De P.W. Janssen's Friesche Stichting

    In bysûnder ferhaal is dat fan de Amsterdammer P.W. Janssen. Hy hat in soad dien foar de bestriding fan wurkleasheid en earmoed yn Súdeast-Fryslân. Yn 1899 kocht hy 40 hektare heidegrûn by Waskemar. Hy sette der acht buorderijkes op dy't minksen mei wat grûn pachtsje koenen. De famylje Uithof pachtet noch altyd fan de Janssenstichting.

    Herberch te keap

    Sintraal yn it doarp, dêr't de dyk de Haulerwiekster Vaort oerstekt, stiet De Herberg. Eartiids wie it de pleatslike kroech, de lêste 17 jier in restaurant dêr't minsken op ôfspraak ite koenen. We sykje út werom it sûnt trije moanne te keap stiet.

    Belangrike rol foar fuotbal

    VV Waskemar is in belangrike feriening yn it doarp. In ambisjeuze klup. Dat moat ek neffens foarsitter Keuning, oars hâldt je it as feriening net fol op in doarp mei 850 oant 900 ynwenners. In doarp en fuotbalferiening dy't twa jier lyn opskrikt waarden troch in slim ûngelok mei fjouwer fuotballers yn Grins. Ien fan har, Daniël Postema kaam derby om it libben. Mei Keuning ha we it oer de impact op de feriening hjirfan.

    Muzyk en mear

    Kristlike muzykferiening Excelsior fiert dit jier dat se 115 jier bestean en traktearret ús op in minykonsert. Doarpsbelang skoot oan om te fertellen oer de oerlêst fan frachtferkear troch it doarp. Fierder sjogge we by minykemping 't Appelhofke fan de 88-jierrige mefrou Tolboom, ha we omtinken foar elektrysk riden en de ferbouplannen fan doarpshûs 't Ald Leger, it plak dêr't we dizze útstjoering sitte.

    11:09 - Culture Club - Karma Chameleon
    11:23 - Rudimental Ft. Jess Glynne & Macklemore - These Days
    11:38 - French Connection - Iselmar
    11:52 - Meja - All 'bout The Money
    12:07 - Musical Youth - Pass The Dutchie
    12:41 - Jonathan Jeremiah - Good Day

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)