Buro de Vries fan 9 maart 2014, 11:00

    Wy wolle graach witte wat jo fan ús programma's fine. Mail jo op- en/of oanmerkings nei burodevries@omropfryslan.nl. Ek foar in goeie tip!

    De 12 apostelen fan Olterterp: der stean noch fiif

    • De 12 apostelen fan Olterterp: der stean noch fiif

    Ferline wike hearden wy yn it nijs dat de bosken yn en om Beetstersweach en Olterterp de kommende jierren oanpakt wurde. As foarbyld waard ûnder oare neamd de '12 apostelen': in groep fan 12 boeken dy't yn in sirkel plante binne. Wy hienen hjir oan it Buro wolris heard fan dizze 12 apostelen, mar wat is it ferhaal derachter. Wêrom 12? Wêrom dêr? As ien it wit dan is dat Jaap Stienstra fan Beetstersweach. It bûten Olterterp hat syn spesjale ynteresse.

    YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    • YM: radiodokumint foar (ûn)bekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Frânske de Hoop-Kooistra.

    Willem van Haren wurdt ferboud

    • Willem van Haren wurdt ferboud

    Krap oan in jier lyn waard Linda Trip beneamd as direkteur/konservator fan museum Willem van Haren op It Hearrenfean. Under har lieding krijt it museum no fuort al in 'facelift'. Sûnder dat de doarren ticht gean, wurdt it museum wer by de tiid brocht. It wurdt noch lokaler, sil mear klam jaan oan de arsjitektuer fan it gebou sels, en it wurdt Frysker.
    www.willemvanharen.nl

    Sjouke Lousma ûnderweis (1695)

    • Sjouke Lousma ûnderweis (1695)

    Sjouke Lousma reizget troch de provinsje. De petearen dy't er ûnderweis hat, stjoert Buro de Vries alle sneinen krekt foar tolve oere út.
    Hjoed treft Sjouke by Winsum in fisker dy't in wike letter in heale nije knibbel krijt. Hy sjocht der tsjinoan en moat fanwege dizze yngreep ek earder ophalde mei wurkjen.

    De miening fan...Carolien Roodvoets

    • De miening fan...Carolien Roodvoets

    Alle sneinen yn it Buro in kollum. Hjoed fersoarge troch relaasjeterapeute Carolien Roodvoets. www.carolienroodvoets.nl

    It nijs bepraat

    Ien kear yn 'e moanne skoot it nijsfoarum oan by it Buro. Hjoed binne dat Saakje Mulder (direkteur Sport Fryslân), Klaas Sietse Spoelstra (feroaringsmanager) en Andries Bakker (sjoernalist Omrop Fryslân). Under lieding fan René Koster beprate sy it nijs fan de ôfrûne wike(n).

    De minút fan Nyk

    • De minút fan Nyk

    Skriuwer Nyk de Vries makket ferhaaltsjes fan ien minút: ultrakoarte ferhalen. Hjoed: Rummikub.
    http://www.nykdev.nl/

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)