Buro de Vries fan 9 juny 2019 11:00

    Yn Buro de Vries in petear mei Maaike Hornstra fan Jellum. Sûnt april dit jier is se siktaris generaal fan it ynternasjonale toulûkbûn.

    En in reportaazje oer De eigeners fan galery Hoogenbosch op 'e Gordyk, Atze Hoogeveen en Dieuwke Bosch, hâlde dermei op. No noch net, mar wol per 1 jannewaris 2020.
    Yn yn memoriam stiet Cor Warenga stil by it libben fan Douwe Draaisma. 

    It nijsfoarum bepraat de aktualiteiten fan de ôfrûne wike. Mei Steatelid Maarten Goudzwaard fan Forum voor Democratie, Romke de Jong. Hy is steatelid foar D'66. En sjoernalist fan Omrop Fryslân, Gerrit de Boer.

    Maaike Hornstra

    Maaike Hornstra wie jierrenlang toulûkster op it heechste wrâldnivo. Se lûkt no net mear fysyk oan de touwen mar wol op organisitoarysk mêd. Se is sûnt april dit jier siktaris generaal fan it ynternasjonaal toulûkbûn. Yn Buro de Vries in petear oer de sport en de ambysjes fan Maaike.

    Galery Hoogenbosch op De Gerdyk hâldt op

    De eigeners fan galery Hoogenbosch op 'e Gordyk, Atze Hoogeveen en Dieuwke Bosch, hâlde dermei op. No noch net, mar wol op 1 jannewaris 2020.
    Oan de iene kant is it har eigen kar, want dit jout tiid foar wat oars. Mar der binne ek dingen dy't se misse sille, it kontakt mei de keunstners bygelyks. De galery giet trouwens wol fierder, komt yn hannen fan in stichting. Dy sil der in folle breder kultureel bedriuw fan meitsje, mei net allinnich keunst, mar ek muzyk en poëzy.
    Karen Bies gie foar it Buro nei De Gordyk en praat mei twa grutte keunstleafhawwers, Atze en Dieuwke. It giet by harren altyd om ynteresse, gefoel en it sykjen nei wat moais.

    Yn Memoriam: radiodokumint foar ûnbekende Friezen

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear herkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Hjoed: Douwe Draaisma.

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike troch Simone Scheffer

    it nijsfoarum

    It nijsfoarum bepraat it nijs fan de ôfrûne wike. 

    11:08 - Al Stewart - A Childs View Of The Eisenhower Years
    11:30 - Proclaimers - I'm Gonna Be
    11:47 - Frank Sinatra - The Lady Is A Tramp


    12:08 - Beautiful South - A Little Time
    12:16 - Alvaro Soler - Loca

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)