Buro de Vries fan 9 juny 2013

It giet oer freonskip dizze simmer yn Buro de Vries. Bekende Friezen stelle har bêste freon oan ús foar. En yn de twadde oere "Friezen thús yn Sweden". Buro de Vries werhellet dizze simmer de moaie rige programma's oer Fryske emigranten yn Sweden.

Freonskip

"Freonskip is in brêge dy't tûzend dreamen dragen kin". Freonen binne belangryk. Alle dagen in tillefoantsje. Tsjûge op jo brulloft. Altyd slap fan it laitsjen. Wa is jo bêste freon? Dat freegje we fan't simmer oan bekinde Friezen, en tegearre mei dy freon sykje we út wêrom se sa'n goeie klik hawwe. We sette útein mei Johan Veenstra. oare Friezen dy't dizze simmer foarby komme binne ûnder oare Sicko Heldoorn, Marga Claus, Sietske Poepjes, Jillert Anema en Riek Landman.

Johan Veenstra en Jelle Brouwer

Johan Veenstra is ien fan de bekendste Stellingwerfske skriuwers. Hy skriuwt syn dichtbondels, ferhalen, kollums en romans yn't Stellingwerfsk. Syn bêste freon is Jelle Brouwer út Snits. Se kin elkoar al fyftich jier en beprate tidens har útstapkes alles mei elkoar. Mei it útkommen fan it ûntroerende boek "Een brogge fan glas", dêr't Johan de syktocht nei syn healbroer yn beskriuwt en oer syn leafde foar manlju fertelt, is de freonskip noch hechter wurden.

Friezen thús yn Sweden

In jier lyn makke it Buro in rûnreis troch Sweden, op syk nei Fryske emigranten. Fansels binne der Friezen oeral op de wrâld te finen, mar binnen Europa is Sweden dochs wol it lân dêr't de measte Nederlanners en dus ek Friezen nei ta ferhúzje. Werom ha se Fryslân ferlitten en in nij thús socht yn Sweden? Wat lûkt har oan it lân? Wêr binne se tsjin oan rûn en wat hat har ferwachtings oertroffen? Koartsein: hat Sweden har brocht wat se ferwachte hienen.

De reis levere in sfearfolle rige fan 12 programma's op. In rige dy't wy dizze simmer werhelje.

Jan en Marian Bierma yn Hasslöv

As we oankomme op it hiem fan de famylje Bierma yn Hasslöv, stean Jan en Marian ús al op te wachtsjen. Wat in prachtich plak, in klassyk Sweedsk hûs en in geweldich útsjoch. "Set de auto dêr mar del, allinnich de postboade moat der lâns kinne". Jan is juster let thúskommen fan in grutte draverij yn Stockholm. En Marian hie justerjûn oant tsien oere wurke. Om de taal goed te learen hat se de oplieding ferpleechkunde dien. Jan lit syn wurkkeamer mei foto's fan prachtige kij sjen. Doe't se 7 jier lyn nei Sweden emigrearden koe Jan syn wurk meinimme. Hy is haadredakteur fan it magazine Holstein International, in fakblêd foar fokkers oer de hiele wrâld.
Jan en Marian rinne alle dagen in ein yn de natuer. Net fier ôf ha se noch twa simmerhuzen. Geschikt foar de beide soannen dy't yn Fryslân wenje.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)