Buro de Vries fan 9 july 2017 11:00

    11:00-12:00 oere: Peareltsjes út it argyf: muzykterapy, Fryske ynvestearders yn Roemeenske bougrûn en wat is in saneamde 'overtuin'?
    12:00-13:00 oere: Op besite by John Deen, de échte dokter Deen fan Flylân.
    Werhelling jûns tusken 21:00 en 23:00 oere. De "Ferhalen fan it Waad' binne ek as podcast werom te finen op dizze side. Sjoch ûnder it kopke RADIO.

    "Dokter Deen, we nemen er nog één!"

    • "Dokter Deen, we nemen er nog één!"

    John Deen kaam 25 jier lyn mei syn húshâlding nei Flylân. Hy wie de iennigste húsdokter op it eilân en dermei ek fee-arts en soms sels toskedokter. Syn aventoeren smieten in berch ferhalen op foar de tv-searje Dokter Deen, mei Monique van der Ven yn de haadrol. No't de lêste TV-opnamen plak fûn ha, de TV-searje hâldt foarearst op, sochten wy John Deen op. Fynt hy it slim dat de searje ophâldt, wie der in swart gat doe't hy sels ophâlde moast en werom fielt hy him sa thús op Flylân?

    De positive wurking fan muzyk by demintens

    • De positive wurking fan muzyk by demintens

    Muzyk docht wat mei ús. It rekket ús. It makket fleurich, swypket ús op of bringt herinnerings nei boppe. En dêr kin we wat mei. Mariska de Vries jout op Bennemastate yn Hurdegaryp muzykterapy oan âlderen mei demintens. Septimber ferline jier mochten we by in sessy wêze om sels te sjen wat in positive wurking muzyk ha kin.

    Fryske ynvestearders yn Roemeenske grûn

    • Fryske ynvestearders yn Roemeenske grûn

    4000 Bunder lân yn Roemenie is yn hannen fan Fryske ynvestearders. Sûnt 2008 binne de Frisian Investors dwaande mei it opkeapjen fan bougrûn yn it eardere Eastbloklân. Se wurkje gear mei Roemenen, ynnovearje en buorkje foarút. Wat driuwt dizze ynvestearders, wat komme se tsjin oan tûkelteammen en wa profitearret der no it measte fan? De Roemenen of de Friezen. Simone Scheffer wie 10 moanne lyn yn Roemenie en gie op 'en paad mei ien fan de mannen fan it earste oere, Frans Schreiber.

    Wat is in saneamde 'overtuin'?

    • Wat is in saneamde 'overtuin'?

    Fan't hjerst gongen wy op ûndersyk út yn Dokkum nei 't ús each fallen wie op in stikje yn it gemeente-nijs fan Dongeradiel: "De unieke overtuin aan het Vrijgevochtenwaltje in Dokkum moet in oorspronkelijke staat terug worden gebracht." Twa saken foelen ús hjiryn op: Wat is in overtuin? En hoe komt dat Vrijgevochtenwaltje oan syn bysûndere namme? Op syk nei de antwurden troffen we earst Allard Wiersma, stêdeboukundich meiwurker fan de gemeente Dongeradiel.

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)