Buro de Vries fan 9 febrewaris 2020 11:00

    Yn Buro de Vries it ferhaal fan Jan Binnema, in joadsk jonkje dat by it echtpear Binnema op in pleats tusken Blije en Ferwert ûnderdûkt sitten hat.

    Henny de Vries is in Friezinne om utens. Se is ambassadeur yn it Afrikaanske lân Mozambique. Se komt fan Aldeholtpea en hat oeral op de wrâld wurke. In petear mei har yn it doarp dêr't se opgroeide.

    Cor Waringa fertelt it libbensferhaal fan Joop van der Lei

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike en it nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Jantien de Boer en Otto van der Galiën.

    Jan Binnema - in Joadsk ûnderdûkbern - is syn Fryske heit en mem tankber

    Jaap en Tine Binnema wennen op in grutte pleats tusken Ferwert en Blije. Se hiene gjin bern. Oant se, oan de ein fan 1943, de soarch krigen oer in lytse poppe fan seis wike âld. In Joadsk berntsje út Amsterdam. By harren oerlibbe it Joadske jonkje de oarloch. Jan Binnema is no 76 jier en hy dielt foar de earste kear syn ferhaal mei in sjoernalist yn it ramt fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen'. Hy docht dat om syn pleechheit en -mem te earen.

    Fan de tiid op 'e pleats oan 'e Ferwerter Ryp hat Jan Binnema net folle taastbere oantinkens. In pear fotootsjes en in readferve klompke.

    Doe't Jan as lyts jonkje by de Binnema's wenne, wie Henke de Jong in buorfamke fan in jier as alve. Letter holp se dêr yn 'e húshâlding. Se heucht har de lytse Jan noch goed. Se rûn mei him yn de bernewein en se gong mei him te fytsen. Henke is no 87 jier en wennet noch yn Blije. Oant de dei fan hjoed hat se kontakt holden mei Jan.

    Jan Binnema woe graach syn ferhaal fertelle oan de sjoernalisten Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (LC), ûnder betingst dat er net syn echte namme brûke soe, mar de Fryske namme dy't er as jonkje yn Ferwert krige: Jan Binnema. Hy is oars benaud foar anty-semityske reaksjes. Hy sjocht om him hinne dat yn de hiele wrâld anty-joadske sentiminten wer de kop op stekke. Hy hopet mei syn ferhaal dat minsken toleranter tsjin elkoar oer stean gean, en dat de jeugd wit wat der gebeure kin 'als de ene groep mensen zijn wil oplegt aan anderen'.

    Ambassadeur yn Mozambique

    Fryslân hat in ambassadeur yn Mozambique. Net as ôffurdige fan ús provinsje, mar de Nederlânske ambassadeur yn it Afrikaanske lân is hikke en tein yn Fryslân. Har thús fielt se noch altyd yn Aldeholtpea dêr't har mem wennet. Henny de Vries is sûnt 1,5 jier de ambassadeur yn Maputo. Se fertsjintwurdiget Nederlân en hopet it lân te helpen en in ferbining te meitsjen mei ûnder oaren it Nederlânske bedriuwslibben en oerheden.

    De Vries hat oeral op de wrâld al wenne. Se wurke foar Bûtenlânske Saken yn it Palestynske gebiet, mar ek yn Bangladesh en oare 'yn ús eagen' drege lannen.

    Buro de Vries gie by har op besite, net yn Maputo, mar yn Aldeholtpea.

    Yn Memoriam: Joop van der Lei

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gie Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries. Ditkear is dat Joop van der Lei .

    it wikeoersjoch

    In persoanlike blik op de ôfrûne wike troch Simone Scheffer

    It nijsfoarum mei Aant Jelle Soepboer, Jantien de Boer en Otto van der Galiën

    It nijsfoarum diskussearret oer it nijs fan de ôfrûne wike. Op it aljemint komt ûnder oaren:

    De namme 'moorkop' moast feroare wurde yn sûkeladebol

    De natoer stiet der tige min foar

    Ha de boeren harren eigen glêzen yngoaid?

    De 'treintweet' fan Baudet

    11:09 - Van Morrison - Hey Mr. Dj
    11:48 - Hein Jaap Hilarides - Wat 'n Nacht
    12:08 - Lisa Loeb - Stay
    12:15 - Earth & Fire - Storm And Thunder

    Programma presentator: 
    Simone Scheffer

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)