Buro de Vries fan 9 desimber 2018 11:00

    * Wa is Iebele van der Meulen (fan L'Homo en LINDA) en wurdt hy haadredakteur fan it jier?

    * It Buro túcht in wol hiel bysûndere krystbeam op;

    * Cor Waringa betinkt yn de rubryk Yn Memoriam it libben fan Lolkje de Vries;

    * It Nijsfoarum mei: Romke de Jong (listlûker D66 foar de Steaten), Otto van der Galiën (Fraksjefoarsitter list 058) en kultuerûndernimmer en aktrise Anke Bijlsma.

    Iebele van der Meulen oer Fryslân, glamour, trijehoek-relaasjes, homohaat, en moaie magazines

    Iebele van der Meulen is de suksesfolle haadredakteur fan magazines as L'HOMO en LINDA. Hy makket sels kâns op de titel 'Haadrekdateur fan it jier". De konkurrinsje komt dêrby fan kollega's by blêden as Flow, Runner's World en Quote. 

    Fan wa is dit ien, dizze Iebele?  Hoe kaam hy te lâne yn de wrâld fan moade, livestyle en magazines?  En wat bedoelt er mei kwoots as 'Zitten we eerst jaren in de kast, verdwijnen we daarna de rest van ons leven yn de Gym'.

    Iebele van der Meulen oer Fryslân, glamour, trijehoek-relaasjes, homohaat, Amsterdam en moaie magazines. Snein yn Buro de Vries.

    In krystbeam foar it hiele doarp

    It doarpke Achlum hat in soad foar de kiezzen hân yn 2018. Der wiene meardere dramatyske stjergefallen en dat hie syn wjerslach yn it doarp. "Het was stil, het dorp was aangeslagen" seit predikante Margarite Veen. It wie foar âld Achlumer Maaike van Dyk de reden om foar it hiele doarp in optúgde krystbeam oan te freegjen. It Buro tôge méi in krystbeam, nei Achlum.

    Oersjoch fan de wike

    It oersjoch fan de ôfrûne wike troch de eagen fan René Koster.

    Nijsfoarum

    It nijsfoarum mei Otto van der Galiën (Lijst 058 en LLB), Romke de Jong (D66) en Anke Bijlsma (Kulteurûndernimmer en aktrise)

    Yn Memoriam Lolkje de Vries

    Yn Memoriam fiert it libben. Elk libben is it wurdich om op werom te sjen. Mei hichte- en djiptepunten, foar ús allegear werkenber. Mei dat idee gong Cor Waringa, earder dûmny op De Jouwer, oan 'e slach. Hy ferdjippet him alle wiken yn it libben fan in Fries en dizze wike is dat Lolkje de Vries.

    11:09 - Bruce Springsteen - Santa Claus Is Coming To Town
    11:25 - Jack Bottleneck & Johan Keus - Net Mei Bemuoie
    11:40 - Blof - Zachtjes Zingen [Giraff Remix]
    11:51 - Coldplay & Big Sean - Miracles (Someone Special)
    12:07 - Brian Sezter Orchestra - Jingle Bells
    12:14 - Liam Payne Jonas Blue & Lennon - Polaroid

    Programma presentator: 
    René Koster

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)