Buro de Vries fan 9 augustus 2020 11:00

    Dizze simmer ûntfangt Buro de Vries alle wiken in jonge Fries of Friezinne mei bisûndere ambysjes en ferhalen. 9 Augustus komt Rienk Rozema op besite.

    Fierders Reportaazjes út it argyf fan it Buro. Apen en Bearen fan Annelies van der Goot en Karen Bies dy't besykje te oerlibjen yn de Fryske wyldernis. In portret fan in Fryske ymker en in nijsgjirrige dokumentêre. It is noch altyd hiel populêr: geocaching. In moderne manier fan skatsykjen. Yn 2013 makke it Buro der al in lange reportaazje oer.

    Rienk Rozema

    Rienk Rozema is 27 jier. Hy komt fan de Falom. Rienk krige yn 2016 in auto-ûngemak. In dwersleasie wie it gefolch. Nei de earste klap pakte Rienk syn libben yn folle faasje op. Revalidearje, en sjen wat kin wol. Hy begûn in blog, en sette him yn foar de Fryske organisaasje World Servants. Dat is in organisaasje dy't jongeren de wrâld ynstjoert om te helpen by ûntwikkelingsprojekten. Rienk sette in groep op foar jongeren mei in beheining. Dat slagge en Rienk gie yn 2017 mei in groep nei Bolivia.

    Yn oktober 2019 kaam Rienk yn tsjinst fan de organisaasje World Servants as kommunikaasjemeiwurker op it online platfoarm.

    Dêrnei waard it toch wat stiller. Wat is der gebeurd mei him, wat hâldt him dwaande en wat binne syn ambysjes op dit stuit?

    Buro de Vries praat snein 9 augustus mei Rienk Rozema. Fan 12 oere oan't 13 oere.

    11:07 - Paul Simon - The Afterlife
    11:22 - Frans Halsema - Ik Mis
    11:48 - Om'e Noard - Antwerpen
    12:10 - Coldplay - The Scientist
    12:48 - Marco Borsato - Mooi

    Buro de Vries

    Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    (advertinsje)