Buro de Vries fan 9 augustus 2015 11:00

It Buro stiet dizze simmer yn it teken fan jubilea en Friezen yn Frankryk. Us jubilaris fan hjoed is de 50 jierrige Waadferiening. En yn Frankryk binne we ta gast by Jan de Boer, earder direkteur fan de sosjale tsjinst yn Ljouwert, en syn Spaanske frou Ana.

Jubilaris: 50 jier Waadferiening

De Waadferiening bestiet 50 jier. De oprjochting wie yn 1965 as "Landelijke vereniging tot behoud van de Waddenzee". Direkte oanlieding wie it plan om It Amelân troch twa dammen te ferbinen mei de Fryske kust. Njonken in flotte ferbining mei de fêste wâl, koe it gebiet dêr tuskenyn moai ynpoldere wurde om te brûken foar rekreaasje en lânbou. It kearen fan dat plan waard it earste wapenfeit fan de Waadferiening, dy't dêrtroch ek wol wat it karakter fan in aksjegroep hie.

Fan askjegroep nei respektearre organisaasje

It doel fan de Waadferiening is itselde bleaun, mar de wurkwize is feroare. En dat jildt ek foar it imago. Wie it earst 'in klupke út de Rânestêd' dy't de Friezen wol eefkes fertelle soe hoe't se mei it Waadgebiet omgean moasten, no is it in respektearre organisaasje dy't hjir woartele is en ek yn de regio in soad stipe hat.

Skiednis en takomst

Sprekkers yn dizze útstjoering:
Kees Wevers, oprjochter fan de Waadferiening en noch altyd aktyf waadrinner
Herman Verheij, beliedsmeiwurker en adviseur Waadferiening
Hemmo Muntingh, âld-Europarlemintariër foar de PvdA, hat bestjoerslid fan in ferskaat oan natoer- en milieuorganisaasjes west werûnder fan 1972 oant 1979 sekretaris fan de Waadferiening.
Arjan Berkhuysen, direkteur fan de Waadferiening

Friezen yn Frankryk: Jan de Boer

Yn de Corbières, oan de Middellânske See leit it doapke Saint-Laurent-de-la-Cabrerise. Hjir wennet Jan de Boer (yntusken 79 jier) mei syn Spaanske frou Ana (74 jier), se is flamenko-dûnseres. Yn dit gebiet bij de Pyreneeën wenje in soad keunstners. Jan skriuwt gedichten en is yn Frankryk en Italië bekroand mei prizen foar syn wurk. No ha se har 'compagny', mei dit selsskip fan musisy gean se op toernee en út en troch organiseare se thús in kulturele jûn.

Op paad yn de Corbières

De Corbières binne útrinners fan de Pyreneeën oan de Middellânske See. En ek yn dizze streek wurdt wyn ferboud. Jan fertelt dat de lêste jierren in tredde part fan de wyngerds lykwols ferdwûn. Der hat sels subsydzje west foar it roaien fan wyngerds. Der wie te folle mindere kwaliteit wyn. Lytse wyngerds fan bedriuwkes sûnder opfolging binne no meast ophâlden. De kwaliteit fan de wyn yn de streek is opheech gongen, mar spitigernôch binne hiele âlde rassen ek ferneatige. Mei Jan ride we troch it lânskip. Lytse kronkeldykjes en sa no in dan in âld doarpke.

Yn Narbonne

Middeis ride we nei Narbonne, in moaie stêdsje dêr't Jan oer in pear jier him mei Ana settelje wol. Ek hjir wer in prachtich kastiel midden yn de stêd. In moaie markthal en midden troch de stêd de rivier de Aude. Jan hat him jierrenlyn warber makke foar in poëzyrûte, lykas wy yn Ljouwert kinne. Sadwaande dat wy hjir in Frysk gedicht fan Teun de Vries oantreffe.

Jan de Boer, in jier letter

It ôfrûne jier hat Jan de lêste hân lein oan syn memoires. Yn 2016, as Jan 80 jier wurdt, sil dit boekwurk ferskine. Tegearre mei Ana wurket hy oan in nije foarstelling foar harren kulturele selskip.

Diel dit berjocht op:

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere.
(advertinsje)